De rider en Jûkelburd (in klúnhakke fan ’e iisklub)
Fan ’e moarn draeft skier fan skrik in rider my foarby
It klubhûs yn, myn redens hime er, it ûnk hjitfolget my.
Niiskrektsa ried ik op ’e Djippe Dolte, d’ iene skek nei d’ oare,
Doe briek it haklear my, op dat stuit koe ’k Jûkelburd wol smoare!
Fansels ik flokte, hwant ik soe eins nei de Polkefeart,*
Dêr is hjoed in wedstriid mar dat komt sa op ’e kop forkeard.
Heech boppe ús hearden wy in spytgnyskjend lûd.
Jonkje, lake Jûkelburd, forsjit net daliks al dyn krûd.
Kom, bidarje dy, Eiling hat haklearen by de rûs,
Sykje út, en hwa wit giestou mei priis of preemje nei hûs.
Fan ’e middei, gjin rider en muzyk mear op ’e baen,
Spriek ik dêr Jûkelburd, koart mar oangenaem.
Werom, freegje ik, om ’t hy wachtet op myn fraech,
Stiene jo fan ’e moarn to krinkjespuijen ûnder de Waech?
Glimkjend andert hy, ach ik wie it spoar alhiel bjuster.
‘k Soe om koeke en in sûpke, mar rekke op ’e doele yn it tsjuster.
Ik moete ien, snieblyn mei skythakken en ek noch in biferzen orgaen.
(‘k Hearde syn wiif al skamperjen: moatst it dêr tonei mei dwaen?)
Mar yn jimm’ klubhûs, hie ’k hope, dat noch altiid poeijermolke skinke soe
De man, peuk oan, klots op, dy ’t ik al sûnt myn jongesjierren koe!
* = de feart njonken de hjoeddeistige iisbaen, dy ’t nei de Nijlânner moune rint