In riedling oplost?
Yn 1936 forskynde by printerij T. Gaastra Bzn, Warkum, in ‘proefdrukje’ oer skiednis fan Warkum ûnder de titel ‘Een wandeling in en om Workum, 50 à 60 jaar geleden’. De skriuwer makke him allinnich mar bikend mei de oantsjutting ‘door ’n âld-Warkumer’.
Hy biskriuwt dan yn in soarte fan kuijertocht it Warkum fan likernôch 1880, alteast dat sil de útkomst fan de rekkensom wêze kinne, dy ’t ôflaet wurde kin út de titel en it jier fan forskinen. Lykwols is it boekje foarsafier ’t bikend is nea echt útjown en is it by in priuwke bleaun. Dat priuwke is fan forskate lju ûnderwilens kopiearre.
Mar nijsgjirrich is de fraech hwa ’t de skriuwer fan dit stikje skiednis fan Warkum wêze kin. Nei alle bitinken jowt de Friso fan sneon 26 maeije 1945 in mooglike kandidaet dy ’t as skriuwer fan dit episteltsje to boek steld wurde kinne soe.
Hwat is it gefal.
Op de foarside fan dy édysje stiet nammentlik in lyts memoriam fan de utjowers, deselde niis al neamde firma T. Gaastra Bzn, verantwoordelijk voor de geheele inhoud: B. Gaastra, D 36, Workum. De lêste hat sûnder mis it memoriam skreaun, dat docht dúdlik út de tekst bliken.
Deryn wurdt fierder skreaun dat yn dy wike fan maeije 1945 de redaksje to hearren krige dat hast in moanne earder op 27 april 1945 forstoarn wie yn ’e âldens fan 76 jier de hear Johannes B. Zeijlstra.
It blykt dat dizze Zeijlstra syn oplieding ta printer, typograef yn de printerij fan fa. H. Brandenburgh & Zoon, alhier, folge hat en wol tagelyk mei de heit silger fan Bauke Gaastra. Fa. Gaastra is nammers ek de opfolger fan Brandenburgh & Zn.
Zeijlstra gie nei syn oplieding nei Amsterdam en wurke dêrre by de Stadsdrukkerij. Doe ’t er pensioen hie, hat hy him tige dwaende hâlden mei skiednis en dan binammen dy fan syn earder wenplak Warkum – mooglik ek syn berteplak – en omkriten. Dy sneuperij resultearre yn artikeltsjes –snypsnaren – yn de Friso ûnder de namme ‘fan ’n âld Warkumer’, sa wurdt yn dat memoriam skreaun.
Sjoen de relaesje dy ’t der neffens it memoriam bistien hat tusken Gaastra en Zeijlstra en de spésjael yn it stikje oanhelle skûlnamme is it nei alle bitinken dizze man dy ’t dy kuijertocht – neffens sitewaesjes en omstannichheden dat hysels likernôch 20 jier west hat – op skrift steld hat.