
Wolle jo in noflike rûntsje troch Workum of ferfier nei of fan it strân? Nim dan de City Shuttle Workum. De rûte rint troch it prachtige histoaryske sintrum en bringt jo nei it IJsselmarstrân fan Workum, dêr’t (kite)surfers en toeristen harren tige fermeitsje. De shuttle rydt fiif dagen yn ‘e wike yn it simmerskoft en by bepaalde eveneminten en feestdagen. Der binne trije sintrale opstapplakken, mar jo kinne de Shuttle ek oanhalte troch de hân op te stekken. Jo werkenne de Shuttle oan de giele en swarte kleuren.
PRYSSEN
Deikaart folwoeksenen € 4,–
Deikaart bern (4 o/m 12 jier) € 1,–
Bern oant 4 jier fergees
KAARTFERKEAP
By de sjauffeur allinnich kontant
Museum Warkums Erfskip (merkplein) PIN / kontant
WANNEAR RYDT DE SHUTTLE
De Shuttle rydt yn prinsipe fiif dagen yn ‘e wike yn it simmerskoft: woansdei, tongersdei, freed, sneon en sneintemiddei. Sjoch foar de aktuele rydagen op workum.nl/cityshuttle
FERHIER
Wolle jo de Shuttle bûten it seizoen hiere, freegje dan nei de mooglikheden fia cityshuttleworkum@gmail.com

RICTTIIDEN
Strân / Camping It Soal (resepsje)
| 13.30 | 14.30 | 15.30 | 16.30 | 17.30 |
Merkplein
| 13.45 | 14.15 | 14.45 | 15.15 | 15.45 | 16.15 | 16.45 | 17.15 |
Poiesz supermarkt (parkearterrein)
| 14.00 | 15.00 | 16.00 | 17.00 |