Privé Wellness Workum

Wolkom by Privé Wellness Workum, wêr’tst genietsje kinst fan ús tún wellness yn in rêstige en ôfsidige omjouwing yn Workum.

Hier dizze hiele tún wellness foar dysels en dyn selskip, sa komst gjin frjemden (of noch slimmer: kunde) tsjin. Dat is wol sa noflik!

Folslein ôfsletten fan de bûtenwrâld, mei in oerflak fan mear as 80m², kinst yn ús privee spa genietsje fan:

  • 100% privee
  • dyn eigen massasjebad op 40°C (sûnder chloor!)
  • in ynfraread sauna
  • bûtendûs (kâld)
  • sinnelawn mei loungbank
  • sliepkeamer
  • toilet
  • eigen kuolkast (iten en drinken meinimme mei gjin probleem)
  • in fergees moarnsiten by oernachting
  • altyd fergees kofje en tee

Muzyk lústerje, prate, laitsje, lêze, efkes sliepe/lûke — gewoan lekker ûntspanne en genietsje!

Ynformaasjepunt Warkum

VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum

Tel.: 0515-541231

Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere

Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland