IJsboerderij Margje 24

Margje 24 is in kealtsje dat stiet foar ús iisbuorkerij.
Foardat wy úteinsetten mei ús plannen foar de iistak, hawwe wy lang neitocht oer in passende namme – dat waard Margje 24, in bysûndere namme dy’t oars is as oars.

Wêrom Margje 24?
Margje 24 stiet foar in nij begjin. In pear jier lyn hawwe wy ús fokdoel oanpast – wy woene graach in sterker ras as de gewoane Holstein-ko.
Dêrom binne wy begûn mei in trijwei-krúsing: Fleckvieh, Skandinavysk readbûnt en Holstein – yn ien moderne ko.
Margje 24 wie ien fan ’e earsten – en dus ekstra spesjaal foar ús.

Har stambeam
Margje 24 hat in moaie famylje. Har leave beppe, Margje 100, is der noch. Har mem Margje 427 is ynseminearre mei de Noarske stier Halsne.
Margje 427 is in dochter fan Margje 100 en de Fleckviehstier Rumba út Eastenryk. Margje 100 is in dochter fan de Nederlânske Holstein Katshaar Kirby.

Is Margje 24 noch by ús?
Wy woene graach dat har berte gearfoel mei de iepening fan de iisbuorkerij, mar se waard al op 5 desimber 2011 berne.
Margje 24 hat fiif kealtsjes krigen en lang by ús wenne. Spitigernôch is se yn novimber 2017 stoarn oan in ynwendich abses.
Har dochters en bernsbern binne noch altyd by ús op ’e pleats.

Ynformaasjepunt Warkum

VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum

Tel.: 0515-541231

Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere

Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland