Húsdokter T. Gerling

As húsdokterspraktyk hawwe wy in grut soarchgebiet. Us pasjinten komme ûnder oare út Dedzjum, Ferwâlde, Gaast, Hylpen, Hieslum, It Heidenskip, Nijhuzum, Parregea en Warkum. Om jo noch better fan tsjinst te wêzen, kinne jo op ús webside ynformaasje fine oer ús praktyk, iepeningstiden en wêr’t jo ús fine kinne. Jo kinne sels ôfspraken ynplane, dit kin yn it saneamde pasjinteportaal.

Yn de fakantiemoannen hawwe wy ek oanrin fan passanten dy’t meigenietsje fan al it moaie dat de Súdwesthoeke fan Fryslân te bieden hat. Foar mear ynformaasje dêroer kinne jo sjen by it ljepblêd Toeristenynformaasje.