Huisartsenpraktijk Kroijenga & de Jong

Sprekoere

Eltse wurkdei is der sprekoere.
Foar it sprekoere meitsje jo altyd earst in ôfspraak by de assistint. As jo ús foar 10.00 oere belle, kinne jo yn in protte gefallen deselde dei noch by ús terjochte.

Ofspraak meitsje foar it sprekoere – hoe wurket dat?

De assistint plant de aginda’s fan de húsdokter en it praktykpersoniel sa effisjint mooglik. Troch te freegjen nei jo klacht, kin se beoardielje oft it it bêste is om nei de húsdokter, de praktykassistint of nei de sprekoeren fan de assistinten te gean. Soms is in advys allinne al genôch foar jo.