Yn ús hotel dogge wy ús bêst om elkenien genietsje te litten fan dizze prachtige lokaasje oan it wetter, de rêst, it útsicht en de ûntspannen sfear.
By in ferbliuw yn ien fan ús 21 smaakfol ynrjochte keamers stiet ûntspanne en genietsje foarop. Begjin dyn dei mei in lekker moarnsiten yn de hûslike sfear fan ‘De Bûtenpleats’, ús horecagelegenheid. Hjir kinst de hiele dei terjochte foar in Baristakofje, in lekkere lunch of in kâld bierke mei in borrelplanke op it terras.
By Hotel Workum en De Bûtenpleats komt Fryske gastfrijheid byinoar om dy fan elk momint genietsje te litten.
Oant sjen!