Fysioterapy De Marren

Fysioterapypraktyk De Marren is fêstige oan ’t Sud 68-70 yn Warkum. Op dizze lokaasje wurkje wy mei fiif fysioterapeuten en biede wy in breed soarchoanbod oan: fysioterapy, manuele terapy, sportfysioterapy, oedeemterapy, shockwave en dry-needling. Us bernefysioterapeuten behannelje bern yn de praktyk en op skoallen. Wy binne oansletten by it Parkinsonnetwurk en it Skoudernetwurk. Troch jierlikse byskolingen bliuwe wy up-to-date en ynnovearje wy binnen ús fakgebiet.

Foar it meitsjen fan in ôfspraak kinne jo streekrjocht belle; in ferwizing fan de húsdokter is net nedich. De terapy wurdt folslein fergoede út de oanfoljende fersekering en falt dêrmei bûten it eigen risiko.