B&B De Garaazje

B&B de Garaazje leit op in prachtige lokaasje oan de Alvestêdefeart De Dolte. It sintrum fan Warkum, mei in gesellich merkplein en ferskate terrasjes, leit op 250 meter fan De Garaazje. Yn 2018 is in âlde garaazje mei wurkkeamer ferboud ta in sfeervolle B&B. De keamer hat in yndustrieel karakter mei in glêzen puntdak yn it balkenplafond. Yn de yngong is romte om fytsen te stallen en op te laden.

De Garaazje hat in eigen terras op it suden. By moai waar kinst hjir moarnsiten en genietsje fan de sinne. Fan dizze lokaasje ôf kinst op in soad manieren de omjouwing ferkenne. Warkum is in toeristyske stêd mei in breed oanbod oan aktiviteiten yn de buert: fytsen, kuierje, wettersport of in museum besykje. De Iselmar en de marren binne maklik mei de fyts te berikken. In kuiertocht oer de seedyk fan Warkum nei Hylpen is tige de muoite wurdich.

Ynformaasjepunt Warkum

VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum

Tel.: 0515-541231

Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere

Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland