Aquaresort It Soal

Camping It Soal is in fakânsjepark dat direkt oan de Iselmar leit. De camping hat goed fersoarge kampearplakken foar toeristen en seizoen-kampearders, en is foarsjoen fan de meast moderne fasiliteiten. De lúkse chalets biede jo in tige noflik ferbliuw en in prachtich útsicht.

It strân is, troch it ûndjippe wetter, by útstek geskikt foar gesinnen mei jonge bern. Ek is it de ideale lokaasje foar it beoefenjen fan ferskate wettersporten, lykas wyn- en kitesurfen.

Ynformaasjepunt Warkum

VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum

Tel.: 0515-541231

Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere

Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland