Aldehoeve – logies

Yn in karakteristike Fryske stjelpboerderij út 1860, op kuierôfstân fan it gesellige sintrum fan Warkum, fine jo Aldehoeve-logies. De pleats leit yn in rêstige wenwyk, op in grut, parkachtich terrein, mar 5 minuten rinnen fan it histoaryske sintrum fan Warkum mei terrasjes en ferskate restaurants, en 7 minuten riden fan de Iselmar. In kuier troch it âlde sintrum mei syn histoaryske pânnen, aardige winkeltjes en it unike Jopie Huisman museum is in attraksje op himsels.

Ek de natoer om it Alvestêdenstedsje Warkum hinne is tige de muoite wurdich. Der binne genôch mooglikheden foar wettersport, mar do kinst ek prachtich fytsje of kuierje lâns de Fryske Iselmarkust, of in tocht meitsje troch de lytse doarpkes yn ‘e omkriten.

Yn de pleats binne trije romme apparteminten realisearre. Twa fan dy apparteminten hawwe elk twa sliepkeamers mei dûbel bêd, in keuken en in badkeamer foar maksimaal fjouwer persoanen. It tredde appartemint hat in grutte wenkeamer mei iepen keuken, trije 2-persoons sliepkeamers, twa badkeamers en in grut terras.

De apparteminten binne modern en komfortabel ynrjochte, mei lânlike aksinten. Se binne foarsjoen fan in flatscreen-tv, fergees wifi, folslein ynrjochte keuken, bad en/of dûs en in eigen sitplak bûten. Parkearje kin op eigen terrein.

Aldehoeve-logies is de ideale lokaasje om in pear dagen mei famylje of freonen te ûntspannen en te genietsjen fan al it moais dat Súdwest-Fryslân te bieden hat. Graag oant sjen yn Warkum!

Ynformaasjepunt Warkum

VVV Kantoar Warkum (Museum Warkums Erfskip)
Merk 4
8711 CL Workum

Tel.: 0515-541231

Iepene tiisdei o/m snein 13.00 – 17.00 oere

Sjoch foar mear ynformaasje op: Waterland van Friesland